Schatkamer van Fryslân

Taalstatuut Tresoar

1 UTGONGSPUNT
It ynstitút erkent de Fryske taal en de twataligens fan Fryslân as wêzentlike eleminten fan de skiednis en de kultuer fan Fryslân.
It ynstitút ûnderstreket de lykweardigens en de lykberjochtiging fan it Nederlânsk en it Frysk yn Fryslân en beskôget it brûken fan it Frysk as hearrende by it deistich wurk.

2 GESICHT EN UTSTRIELING FAN IT YNSTITÚT

  • It ynstitút hat in twatalich gesicht mei bysûnder omtinken foar it Frysk.
  • It ynstitút hat in Fryske namme.
  • It bestjoer en de direksje fan it ynstitút steane der noed foar, dat de twatalige identiteit fan it ynstitút bekend wurdt en bliuwt by de klanten, de brûkers en de eigen wurknimmers.
  • It ynstitút stiet der noed foar, dat de twatalige identiteit fan it ynstitút geregeldwei op in positive wize by it algemiene publyk yn omtinken brocht wurdt.
3 KOMMUNIKAASJE MEI KLANTEN / BRÛKERS / BESIKERS

3.1 Mûnlinge kommunikaasje
  • It moat klanten / brûkers / besikers dúdlik wêze dat it brûken fan it Frysk foar wa't dat wol fanselssprekkend is.
  • Meiwurkers fan it ynstitút nimme de tillefoan oan yn it Frysk. Neffens ferlet fan dejinge dy't skillet, wurdt fierder Frysk, Nederlânsk of in oare taal praat.
  • It boadskip op it antwurdapparaat is twatalich Frysk en Nederlânsk.
  • It earste kontakt oan de ûntfangstbaly en oan de útlienbaly giet by foarkar yn it Frysk. Neffens ferlet fan de besiker wurdt fierder Frysk, Nederlânsk of in oare taal praat. Op of by de baly's (en ek yn it kafee / restaurant) wurdt sichtber oanjûn, dat Frysk en Nederlânsk beide wolkom binne.
  • Yn iepenbiere gearkomsten (bygelyks konferinsjes en iepenings fan útstallings) fan it ynstitút mei dielnimmers dy't foar it meastepart yn Fryslân wenje, is elk frij om Frysk of Nederlânsk te praten.
3.2 Skriftlike kommunikaasje
  • Skriftlike antwurden op brieven en e-post fan yndividuele klanten / brûkers wurde steld yn de taal fan de briefskriuwer.
  • Standertbrieven en kantbrieven wurde yn it Frysk en it Nederlânsk beide steld.
  • Brieveferkear dat fan it ynstitút útgiet oan adressanten yn Fryslân, wurdt by foarkar yn it Frysk steld. [nb: Yn it ynfieringstrajekt wurdt dit konkretisearre, rekken hâldend mei bysûndere doelgroepen en mei "gewenning".]
  • Brieveferkear dat fan it ynstitút útgiet oan adressanten bûten Fryslân, wurdt yn it Frysk steld as bekend is, dat dy adressant Frysk lêze kin c.q. bekend makke hat dat er Fryske korrespondinsje op priis stelt.
  • Op de kompjûters fan de meiwurkers is in Fryske-staveringskontrôleprogramma ynstalleard.
3.3 Hússtyl
It ynstitút ûntwikkelet in twatalige hússtyl mei in bysûnder gesicht foar it Frysk. De hússtyl (namme en byldmerk) wurdt tapast yn: buorden en opskriften by boekekasten, paadwizers yn en om de gebouwen, brievepapier, sluven, faksfoarblêd, sakekaartsjes, webstek, foarljochtingsmateriaal en it jierferslach.

3.4 Utstallings
  • Titels fan útstallings binne yn it Frysk allinnich of yn it Nederlânsk en it Frysk beide.
  • Utnoegings foar de iepening fan útstallings wurde yn it Frysk en it Nederlânsk beide steld.
  • Byskriften by útstallings binne yn it Frysk of yn it Nederlânsk en it Frysk beide.
  • Parseberjochten by útstallings wurde yn it Frysk allinnich of yn it Nederlânsk en it Frysk beide steld.
3.5 Foarljochting
  • Foarljochtingsmateriaal en it nijsblêd fan it ynstitút binne yn it Frysk allinnich of yn it Frysk en it Nederlânsk beide, neffens ferlet yn oare talen.
  • De yntroduksjesiden fan de webstek fan it ynstitút (earste en twadde oanklik- siden) binne yn it Frysk en it Nederlânsk beide (en by foarkar ek yn it Ingelsk).
[nb: Yn it ynfieringstrajekt wurdt dit fierder útwurke.]

4 KOMMUNIKAASJE FAN BESTJOER, DIREKSJE / MANAGEMENTTIIM EN
WURKNIMMERS UNDER ELKOAR

4.1 Mûnlinge kommunikaasje
  • Elk hat it frij yn de formele en ynformele mûnlinge kommunikaasje Frysk of Nederlânsk te brûken.
  • Yn ynterne gearkomsten fan it ynstitút is elk frij om Frysk of Nederlânsk te praten. De foarsitter fan gearkomsten stiet der noed foar, dat elk bekend is mei dy frije kar.
    By it begjin fan gearkomsten mei tredden wurdt hifke, oft it om de ûnderlinge fersteanberens mooglik is dat der Frysk praat wurdt.
4.2 Skriftlike kommunikaasje
  • Elk hat it frij yn de formele en ynformele skriftlike kommunikaasje Frysk of Nederlânsk te brûken.
  • Ynterne formulieren (bgl. reiskoste-deklaraasjes) binne yn it Frysk steld. Algemiene meidielings oan it personiel op meidielingeboerd en yn it personielsblêd wurde yn it Frysk steld.
  • Wurklisten, ferslaggen / beslutelisten fan ynterne gearkomsten wurde by foarkar yn it Frysk steld. [nb: Yn it ynfieringstrajekt wurdt dit konkretisearre, rekken hâldend mei bysûndere doelgroepen en mei "gewenning".]
    Yn ferslaggen fan gearkomsten mei tredden en fan it oerlis tusken wurkjouwer en de ûndernimmingsried wurdt yn it Frysk opskreaun wat yn it Frysk sein is, yn it Nederlânsk opskreaun wat yn it Nederlânsk sein is.
  • It bestjoer fan it ynstitút befoarderet, dat yn it bestjoer en yn oerlis mei it managementtiim en de ûndernimmingsried deselde line folge wurdt.
4.3 Registraasje fan argiven en kolleksjes wurdt beregele yn aparte wurkôfspraken.

5 PERSONIELSBELIED

5.1 Funksje-easken
  • Alle personielsleden fan it ynstitút wurde achte Frysk ferstean en lêze te kinnen. Direkteur en ôfdielingshaden wurde achte Frysk ferstean, lêze en prate te kinnen.
    Foar meiwurkers yn de publike tsjinstferliening jildt as funksje-eask dat se klanten dy't Frysk prate by foarkar yn it Frysk te wurd steane.
  • Foar funksjes mei skriftlik kontakt mei klanten / brûkers en ynstellings en organisaasjes en foar notulisten jildt as funksje-eask it skriuwe kinnen fan Frysk.
  • Yn de funksje-beskriuwings fan guon spesjalistyske funksjes wurdt oanjûn hokker easken steld wurde oan de taalbehearsking fan it Frysk.
  • Yn de funksjonearringspetearen wurdt omtinken jûn oan it brûken fan it Frysk, foarsafier't it aktyf brûken fan it Frysk yn de funksje-beskriuwing opnommen is.
5.2 It oanlûken fan nij personiel
  • Personielsadvertinsjes yn de Fryske deiblêden (en yn Frysktalige tydskriften) wurde allinnich yn it Frysk steld.
  • Personielsadvertinsjes yn kranten fan bûten Fryslân en yn faktydskriften fan bûten Fryslân wurde yn it Nederlânsk steld.
  • Yn personielsadvertinsjes wurdt dúdlik oanjûn, dat it ynstitút in twatalich ynstitút is en dat passive behearsking fan it Frysk by it wurk heart.
  • Yn personielsadvertinsjes foar funksjes mei aktive behearsking fan it Frysk as funksje-eask, wurdt dy funksje-eask eksplisyt neamd.
5.3 Oplieding en beleanning
  • It ynstitút skept in klimaat dêr't it aktyf mûnling en skriftlik brûken fan it Frysk yn stimulearre wurdt.
  • Yn it opliedingsbelied wurde kursusmooglikheden skepen, benammen foar de aktive behearsking fan Frysk: praten en skriuwen.
  • Der wurdt in bonusregeling opsteld foar dejingen dy't in diploma Frysk helje. [nb: Yn it ynfieringstrajekt wurdt dit fierder útwurke.
6 YNFIERING EN SYSTEMATYSK HIFKJEN
  • It bestjoer en de direksje fan it ynstitút steane der noed foar, dat de ôfspraken yn dit taalstatút as algemien erkend belied neilibbe en útdroegen wurde.
  • De direksje fan it ynstitút stiet der noed foar, dat elke meiwurker in eksimplaar fan dit taalstatút yn besit kriget.
  • Yn it jierferslach fan it ynstitút wurdt oer it taalbelied ferslach útbrocht.
7 TROCHGEANDE UNTWIKKELING

De direksje stelt alle jierren doelstellings op foar de fierdere ûntwikkeling fan it taalbelied. Dy doelstellings wurde foar advys foarlein oan it bestjoer en oan de ûndernimmingsried.

8 SLOTBEPALINGS

Dit taalstatút jildt fan de formele oprjochtingsdatum fan it nije ynstitút ôf en it wurdt ienris yn de trije jier op 'en nij itige troch de direksje / managementtiim. Wizigingen sille foarlein wurde oan bestjoer en ûndernimmingsried.