Iepen dagen Tresoar
Ofsluting fan de ferbouwing
  terug

20- 3- 2010

Opendagen Tresoar is ferboud en op en nij ynrjochte. It resultaat litte wy graach sjen. Wy organisearje dêrom op 20 en 21 maart 2010 in iepen hûs. Tusken 13.00 en 17.00 oere is elk wolkom om it fernijde gebou te besjen. Der is in nijsgjirrich en fariearre programma
  • rûnlieding troch de depots dêr't de bysûndere stikken lizze en it besjen fan ús skatkeamer
  • ynformaasje oer wat Tresoar allegear te bieden hat
  • demonstraasje fan de mooglikheden fan de webside
  • in koart ûndersyk nei jo foarâlden
  • boekemerk fan It Fryske Boek
  • ynformaasjemerk mei diskes fan:
    - Autobus Documentatie Vereniging afd. Noord
    - Fryske Oldtimer Club
    - Netwerk Streekargyf Súdwest Fryslân
    - Freonen fan Argiven Fryslân 
    - Utjouwerij Waanders
    - Utjouwerij Bornmeer
    - Vrouwen van Nu
    - Keatsmuseum (K.N.K.B.)
    - Fryske Biblioteken
    - Foar de Neiteam (skûtsjes)
    - NGV (Nederlandse Genealogische Vereniging)
    - AFRON (Fer. foar histoaryske Lânbou Fryslân)
    - Friese Pers
  • demonstraasje fan boekbinen en boekrestauraasje
  • foardracht troch dichters út de dicht- en proazabondel It Heiteleaze Bern
  • foar bern: speurtocht troch it gebou, skriuwe op papyrus (sneon) of mei de guozzefear (snein), in eigen ansichtkaart meitsje en in foto meitsje litte yn âlderwetske klean

Dizze aktiviteiten binne op sneon en snein.

Fierder binne der op beide dagen nijsgjirrige lêzings:

Op 20 maart:

  • De kolleksje fan âlde lânboufoto’s (14.00 oere)
  • De âldste Fryske tekst op it plankje fan Tolsum (15.00 oere)
  • De Fryske keapfardij in de Eastsee in de 17e en de 18e ieu (16.00 oere)

Op 21 maart:

  • De earste auto’s en harren bestjoerders yn Fryslân (14.00 oere)
  • Ûndersyk nei de skiednis fan skûtsjes (15.00 oere)
  • It midsieuske Fryslân oan de hân fan âlde wetteksten (16.00 oere)

Yn de útstallingsromte op ’e stúdzjeseal is de foto-útstalling fan de Greonterper jierren fan Gerard Kornelis van het Reve. Syn beide freonen út dy tiid, Teigetje en Woelrat, binne oanwêzich om de foto’s ta te ljochtsjen.

Op sneon wurdt ek de Fryslânkwis holden. Twa teams fan bekende Friezen (Hylke Speerstra, Piters Wilkens, Thea Koster, Marco Florijn, Melvin van Eldik, Remon de Jong, Gryt van Duinen en Bertus Mulder) sille tsjin elkoar stride. It oanwêzige publyk kin aktyf meidwaan oan de kwis.

Op sneon binne der muzikale yntermezzo’s fan Jelle Dotinga (op piano).

Op snein is de bekendmakking fan de winners fan de fotowedstriid Fryslân anno 2010. Fotografen út de hiele provinsje hawwe de ôfrûne tiid harren wenplak en omjouwing fêstlein foar letter, sadat har (oer)pake- en beppesizzers dan sjen kinne hoe’t Fryslân der yn 2010 útseach.
De ynstjoerde foto’s binne op beide iepen dagen te besjen.

Op snein binne der fertel- en muzyk- yntermezzo’s fan Wiltsje fan Peasens.

Jo binne fan herten wolkom!

  terug