|
Fragment út in Omrop Fryslân-fraachpetear mei Anne Wadman
Lûdsfragmint: Anne Wadman
lêst Lyts Heechliet (opname: 1959)
Ferskate opnamen fan Anne Wadman út it argyf fan RONO en Omrop
Fryslân: út 1958, 1963, 1963, 1970, 1980, 1985, 1986, 1992, 1992
Foto's fan Anne Wadman
Boeken, brieven, hânskriften, ensfh. fan Anne Wadman yn de
katalogus fan Tresoar
Op 30 novimber 1919 is Anne Sybe Wadman yn Langwar berne. Oer syn
middelskoallejierren hat Wadman letter û.o. publisearre yn Mei Abraham
fûstkje (1969) en 16 (1985), in nijsgjirrich ego-dokumint, Wadman
syn deiboek fan 1936. As jonge al slút er him oan by frysksinnige
fermiddens. Fral foar it Boun fan de Frysk Nasjonale Jongerein ferset er in soad
wurk. Al ier wit er feardich mei de pinne om te gean. Yn de stikjes dy't fan syn
hân ferskine yn bledsjes as It Seinfjûr en Het Schoolblad komt
syn niget oan muzyk, literatuer en Frysk moai dúdlik út. Oan 'e Gemeentlike
Universiteit fan Amsterdam studearret Wadman Nederlânsk en rekket er yn 'e
besnijing fan minsken as Ter Braak en Du Perron dy't him yngeand beynfloedzje.
Yn 'e Frysk-literêre wrâld is er yn it earstoan fral bekend as kritikus en
dichter. Fuort nei de oarloch komme de fersebondels Op koart front
(1945) en Fan tsien wâllen (1945) út, mar sûnt fernimt men fan de
dichter Wadman net in soad mear.
As kritikus publisearret er yn it literêre moanneblêd De Tsjerne, it
deiblêd Het Vrije Volk en yn syn ienmanstydskrift De
Teannewâdder. Fûl komt er dêryn op tsjin selsfoldiene en al te smûke
folksaardige lektuer. It giet him net om Fryske literatuer, mar om
Fryske literatuer. Foar de essays bondele yn Kritysk konvoai
(1951) kriget er yn 1952 de Gysbert Japicxpriis. Yn it Hollânske taalgebiet is
er yn de nei-oarlochske jierren mei minsken as Fokke Sierksma warber as
redakteur fan Podium. Mei Frieslands dichters (1949) makket er
de Fryske literatuer yn Hollân tagonkliker. Yn 1955 set er de kroan op syn
akademyske oplieding, wannear't er promovearret op it Frysktalige proefskrift
In skoalmaster yn 'e Dokkumer wâlden. Libbensgong fan Hjerre Gjerrits van
der Veen. Syn brea fertsjinnet er ûnderwilens as learaar en konrektor oan
it Snitser gymnasium, dêr't er ek de skiednis fan skriuwt (Schola
Alvini, 1958).
Nei de oarloch komt Wadman aloan en mear mei proaza foar it ljocht. Yn 1948
ferskynt Fioele en faem, in boek dat, yn ôfwiking fan de measte oant
dan publisearre Fryske romans, net op it Fryske plattelân mar yn Amsterdam
spilet. Koart proaza jout er yn de novelle Reedridder (1949) en de
bondel Yn 'e lytse loege (1960). Wannear't yn 1963 De
smearlappen útkomt en Wadman troch iepentlike seksuele perverzje te
beskriuwen op 'e nij de wenstige paden fan de Fryske literatuer net folget, jout
dat sa'n opskuor, dat it boek ek bûten de Fryske grinzen omtinken kriget.
Tematysk, mar ek wat foarm oanbelanget, falle Wadman syn romans gauris op
troch it ûnkonvinsjonele dêrfan. Sa is As in lyts baeske (1973) eins
ien lange brief fan in ekshibisjonist. Ferliezers, bûtensteanders en taskôgers
hawwe almeast de haadrollen yn Wadman syn wurk. Nêst de al neamde boeken binne
dat yn de sechstiger en santiger jierren de romans: Hoe moat dat nou,
Marijke? (1960), De oerwinning fan Bjinse Houtsma (1962),
Kûgels foar in labbekak (1964), By de duvel to bycht (1966),
De feestgongers (1968) en It rammeljen fan de pels (1970).
Opfallend is dat Wadman de skriuwstyl, sa't it liket, gauris oanpast oan de
karakters yn syn romans. Dúdlik docht dat bygelyks bliken út de drege en
betochtsume formulearringen yn it boek Yn Adam's harnas (1982), dêr't
in advokaat as haadpersoan yn foarkomt.
Nei't Wadman yn 1981 as stúdzjelieder fan de fakgroep Nederlânsk ôfskied
nommen hat fan de learare-oplieding "Ubbo Emmius", komt fan de alsidige en tige
produktive skriuwer op publisitêr mêd hiel wat los. As Simon Vestdijk-kenner
publisearret er ûnderskate stúdzjes, as taalkenner fersoarget er in rubryk foar
de Leeuwarder Courant en leveret er bydragen oan it wittenskiplike
tydskrift Us Wurk, en foar it wykblêd Frysk en Frij besprekt
er benammen de nij ferskynde Fryske romans. Yn it Hollânsk skriuwt er de romans
De verkrachting (1984) en De terechtstelling (1987). Ek komt
er mei gâns nije Fryske romans fanwegen: behalven it al neamde Yn Adams
harnas (1982), Tinke oan âlde tiden (1985), In bolle yn 'e
reak (1986) en De frou yn 'e flesse (1988). Foar al dy en syn
eardere Frysktalige romans kriget er yn 1989 foar de twadde kear de Gysbert
Japicxpriis. Dêrnei ferskynden fan syn hân noch twa bondels mei kritysk
wurk: It kritysk kerwei. Resinsjes en skôgingen 1950-1970 (1990) en
Oer oarmans en eigen. Essayistysk en kritysk ferskaat (mei bibliografy
1972-1994) (1994). Op it mêd fan de belletry kamen noch út De fearren
fan de wikel (1990), Fjoer út in dôve hurd (1990), In
ûnbetelle rekken (1992) en In okse nei de slachtbank (1994).
Op 6 febrewaris 1997 is Anne Wadman yn syn wenplak Snits ferstoarn.
Literatuer:
1957 : J. Piebenga. Koarte skiednis fan de Fryske skrifteken- nisse,
s. 12, 13, 247, 261, 262, 272-274. 276. 277 1976 : D.A. Tamminga, Tekst
en Utlis 1977 : Tr. Riemersma, It koarte ferhael yn de Fryske
literatuer fan de tweintichste ieu, s. 183-190 1977 : Klaes Dykstra.
Lyts hânboek fan de Fryske literatuer, s. 112, 113, 115-117, 131, 139,
151, 157, 158 1977 : Sj. van der Schaaf. Skiednis fan de Fryske
Biweging, s. 81, 355, 390, 393, 394, 400, 401 1978 : G.R. Zondergeld,
De Friese beweging in het tijdvak der beide wereldoorlogen, s. 26, 55,
56, 249, 250, 414, 416, 417, 549
Wurk: Romans:
1948 : Fioele en faem 1949 : Reedridder
(novelle) 1960 : Hoe moat dat nou, Marijke? 1962 : De
oerwinning fan Bjinse Houtsma (1984 werprinte, yn 1965 oerset troch Anne
Wadman, De overwinning van Bjinse Houtsma)(yn 1986 De overwinning
fan Bjinse Houtsma yn "grutte letter", by Grootdruk-Uitgeverij Eindhoven
B.V. ) 1963 : De smearlappen (ûndertitel: boereroman)(6de pr.1983,
yn 1964 oerset troch Sj. Spanninga, De smeerlappen, yn 1965 oerset yn
it Dútsk troch G. Hermanowski, Elke und die Männer) 1964 :
Kûgels foar in labbekak (yn 1966 oerset troch de skriuwer, Kogels
voor een labbekak) 1966 : By de duvel to bycht (yn 1966 oerset
yn it Nederl. troch de skriuwer, Bij de duivel te biecht) 1968 :
De feestgongers (yn 1971 oerset troch de skriuwer, De
feestgangers, 2de pr. 1995) 1970 : It rammeljen fan de pels.
(ûndertitel: damesroman) (yn 1983 yn it Nederl. oerset troch Albert van der
Meer, mei meiwurking fan Anne Wadman, Een klein sadistisch
trekje) 1973 : As in lyts baeske 1982 : Yn Adams
harnas 1984 : De verkrachting (Nederlânsk) 1985 : Tinke
oan âlde tiden 1986 : In bolle yn 'e reak 1987 : De
terechtstelling (Nederlânsk) 1988 : De frou yn'e flesse
(ûndertitel: roman fan Janneke en Jip) 1990 : De fearren fan de
wikel 1991 : Fjoer út in dôve hurd 1992 : In ûnbetelle
rekken (Boekewikegeskink nû.4) 1994 : In okse nei de slachtbank
Ferhalebondels:
1960 : Yn 'e lytse loege
Dichtwurk:
1945 : Fan tsien wâllen (2de pr. 1946) 1945 : Op koart
front (2e pr.1946)
Blomlêzingen:
1949 : Frieslands Dichters (bloemlezing uit Friese Lyriek sinds 1880
met vertalingen in het Nederlands, samengesteld, ingeleid en van een
bio-bibliografie voorzien door Anne Wadman) 1950 : Kleine keur uit
Frieslands dichters sinds 1880 (mei Fedde Schurer en D.A. Tamminga) 1960
: Friese verhalen in het Nederlands (Samengesteld en vertaald door
Douwe Tamminga en Anne Wadman)
Ferskaat:
1945 : De baenfager: algemien Frysk jongereinblêd: ien yllegaal en
ien befrijingsnûmer 1951 : De Friesche kwestie, wat niet-Friezen er van
zeggen in kranten en tijdschriften, Anne Wadman en D.A. Tamminga 1951 :
Kritysk konfoai (essays) 1953 : Fryske Fersleare (oer
poëzij) 1955 : Harkspul: in gast op Liaukama-state (nei it grouwe
pak) 1955 : "In skoalmaster yn 'e Dokkumerwâlden", libbensgong fan Hjerre
Gjerrits van der Veen (dissertaasje) 1958 : Schola Alvini,
lotgevallen van de Latijnse school en het gymnasium te Sneek 1959 :
Taeleigen en eigen tael (didaktysk wurk) 1960 : Friese verhalen
in het Nederlands (Samengesteld en vertaald door Douwe Tamminga en Anne
Wadman) 1961/1962 : Taeleigen en eigen tael (didaktysk wurk) 1964
: Handdruk en handgemeen, leesavonturen met S. Vestdijk 1966 :
Zestig jaar wereldgeschiedenis, Beknopt overzicht 1900-1960, deel 1
1900-1920, deel 11 1920-1940? 1995 : Oer oarmans en eigen (oer:
literatuer, muzyk, televyzje en filosofy) 1969 : Mei Abraham fûstkje
(bondel útjûn by de 55e jierdei fan de skriuwer. Dêryn: Net nei de Costa Brava,
in autobiografysk ferhaal, earder ferskynd as apart nûmer fan De
Strikel) 1970 : De toekomst van het Sneker gymnasium (mei A.J.
Keulen en S. Sybesma) 1979 : Oer Obe Postma (mei J.H. Brouwer, Fokke
Sierksma, ynlieding: A. Feitsma) 1981 : Historye van Pyramus ande
Thisbe (mei Erna Aman,GeesjeLeferink, Pyt Zylstra). Utjûn by it ôfskied fan
Anne Wadman as meiwurker by "Ubbo Emmius" 1981 : Van Drien ghesellen Die
den Bake stalen, door: Maria Oudekerk, Anne Wadman, Hilde Wobma-Dethmers,
m.m.v. Jan F. de Boer. Utjûn by it ôfskied fan Anne Wadman, as meiwurker van
"Ubbo Emmius", 1 des. 1981 1984 : Een hartversterking, de reacties
op Vestdijks eerste dichtbundel, ingeleid en toegedicht door A. Wadman met
medewerking van Gerben Wynia 1984 : Biografisch Bijwerk, (rondom S.
Vestdijk-reeks) door Hans Visser en Anne Wadman, met medewerking van Willem
Diemer en Gerben Wynia 1984 : Knett'rend vuurwerk, 111, Brieven aan S.
Vestdijk, ingeleid en toegelicht door Hans Visser, Anne Wadman, Mick de
Vries en Gerben Wynia, met medewerking van Xaviera Hollander 1985 : 16
deiboek 1936 1987 : Stukjes uit de voortijd... Dat hij niet tot de
minst critische personen behoort..., aan de nagedachtenis van mijn zeer
gewaardeerde leraar Nederlands - S. M. Noach (1879-1944) 1987 : De grote
explosie, snuffelen in de marge van Vestdijks gedichten 1930-1932 1988 :
Veronie Brouwer, Dokteraal skriptie: Anne Wadman en de verkrachting
(ferliking fan twa romans fan Wadman: Verkrachting/De smeerlappen) 1989 :
Veel meer dan tien geboden - over S.M. Noach (1879-1944) 1989 :
Dou sjochst it oars as ikke, in briefwiksel út 1944- '45, Piter
Terpstra en Anne Wadman (Byskriften nr.1) 1990 : It kritysk kerwei.
Resinsjes en skôgingen 1950-1970 (mei bibliografy) 1994 : Oer oarmans en
eigen (Essayistysk en kritysk ferskaat (mei bibliografy 1972-1994) ? :
Feuilleton: In knypeachje fan Fortuna (yn Frysk & Frij) ? :
Spellen voor je leven - Spellingcursus- eerste jaar Ubbo Emmius -
sectie Nederlands
Ienmanstydskrift: 1961-1963: De Teannewâlder, 8
nûmers
Toaniel:
1949 : De kronyk fan Frija, mei Abe Brouwer 1952 : Prins
Karnaval, in klucht fan Roparz Hemon, oerset út it Bretonsk, oarspronklike
titel: Meurlarjez (troch Anne Wadman oerset út it Ingelsk) 1958 :
Spoekpastorij (mei Hein Groeneveld, ûnder skûlnamme Rudmer Douma
jr) 1959 : As de kat fan hûs...(ûnder pseudonym, Jelmer
Wiegersma) 1962 : In slet fan tsien dollar (nei J.P. Sartre) 1973
: Oersetting fan brief Encounter, troch Anne Wadman, In tútsje oer de
toanbank (nei Noël Coward/Jack Dixon) 1990 : Ynterieur (1894),
Maurice Maeterlinck, oerset út it Frânsk troch Anne Wadman ? Omsjen yn
lilkens (Look back in anger), oerset nei John Osborn
Prizen:
1952 : Gysbert Japicxpriis foar: Kritysk Konfoai 1989 : Gysbert
Japicxpriis foar de yn 1986 ferskynde roman In bolle yn 'e reak en it
yn 1988 útkommen De frou yn 'e flesse en foar al syn fierdere Fryske
romans
Oer Anne Wadman 2009 : Joke Corporaal: Grimmig
eerlijk: Anne Wadman en het probleem van de Friese literatuur.
(dissertaasje, online
beskikber)
Tresoar, 11 desimber 2009
 Op dit wurk is in Creative
Commons Lisinsje fan tapassing.
Lês hjir
wat oaren fine fan it wurk fan Anne Wadman of skriuw in eigen "resinsje".
Mear ynformaasje oer it literêre wurk fan Anne Wadman op de 'Friese literatuursite' fan Jelle van der Meulen.
|