Obe Postma priis
Literêre priis foar oersettingen
  terug

De priis is troch Provinsjale Steaten fan Fryslân yn 1984 ynsteld en neamd nei de dichter Obe Postma (1868-1963), dy't sels oersettingen makke hat út it Dútsk, Amerikaansk, (fia it Ingelsk) it Sineesk, it Nederlânsk en it Aldsaksysk.

Obe Postma

1984
Gerben Brouwer (1902-1982) foar syn oersettings yn de bondel Ljochte nachten
útrikt oan mefrou C. Brouwer-van der Berg
advyskommisje: J. Smit, M.A. Boonstra en K. Dijkstra

1987
Oan Piter Boersma (1947), Harke Bremer (1955), Jarich Hoekstra (1956), Sybe Krol (1946-1990), Jan Schotanus (1950), Romke Toering (1947) en Pyt van der Zee (1915-1998) waard de priis takend foar har oersettingen út ferskillende talen fan toanielstikken dy't troch Tryater spile wiene. De priis is net útrikt, omdat guon fan de oersetters him wegeren.
advyskommisje: G. Gerbrandy, H. Stellingsma en M. Zeeman

1990
Douwe Tamminga (1909-2002) foar syn oersettingen yn it Nederlânsk fan  fersen fan Gysbert Japicx
advyskommisje: A. Feitsma, D. Plantinga en J. Veenbaas

1993
Klaas Bruinsma (1931) foar syn oersettingen fan trije trageedzjes fan Sophokles út it Gryksk yn it Frysk
advyskommisje: G. Visser, T. Mulder, R. Noppers en K. Wijma

1996
Harke Bremer (1955) en Jarich Hoekstra (1956) foar de oersettings fan twa stripboeken fan Marten Toonder ferskynd ûnder de titels It kwea-each en De boppebazen
advyskommisje: G. Krol, A. Boersma-van der Mark en S. Sybrandy

1999
Jabik Veenbaas (1959) foar syn oersettingen fan Obe Postma yn it Nederlânsk yn Van het Friese land en het Friese leven
advyskommisje: Freark Dam, Ad C. de Haan en Hanneke Hoekstra

2002
Eric Hoekstra (1960) foar syn oersetting fan Nietzsche Dat sei Zarathustra
advyskommisje Tsjerk Veenstra, Anne Boersma-van der Mark en Ernst Bruinsma

2005
Klaas Bruinsma (1931) foar syn oersettingen fan Homêros
advyskommisje Geart van der Meer, Jaap Duijs en Baukje Westra 

2008
Tryntsje van der Zee (1940) foar har oersettingen fan toanielstikken de lêste trije jier.
Dat wiene der acht, ûnder oare ‘Puntila’ (Brecht), ‘Hertsear’ (Albee), ‘De opera’ (Goldoni) en ‘In protte spul om neat’ (Shakespeare
advyskommisje Babs Gezelle Meerburg, Anne Dykstra en Piter van Tuinen


 

Provinciale cultuurprijzen : Provinciale verordering cultuurprijzen en de wetenschapsprijs, dd. 26 mei 2003 (PDF)

  terug