Rink van der Veldepriis
  terug

De Rink van der Veldepriis is ornearre foar oarspronklik en nij Frysk proaza of oarspronklik en nij proaza yn ien fan de streektalen dy’t yn Fryslân brûkt wurde en dat as in selsstannige boekútjefte ferskynd is. 
It proaza moat yn de geast fan it wurk fan Rink van der Velde (1932-2001) skreaun wêze, literair en gaadlik foar in breed lêzerspublyk. 

Rink van der Velde

De Rink van der Veldepriis bestiet út in jildbedrach fan 1.250 euro en in byldsje makke troch de Drachtster keunstner Anne Woudwijk.

De priis is yn 2003 ynsteld troch de gemeente Smellingerlân en de Friese Pers Boekerij. De organisaasje derfan is yn hannen fan de stifting It Fryske Boek. De priis wurdt ien kear yn de twa jier útrikt foar proaza dat yn de twa foargeande kalinderjierren ferskynd is.

Priiswinners:

  terug