Tiemersma, Koos
  terug

Berne: 20-3-1952, Frjentsjer

Koos Tiemersma

Libben en wurk
Koos Tiemersma is berne te Frjentsjer, hy groeide dêr op yn in boerehúshâlding. Hy learde ta skoalmaster. Sûnt 1975 wurket er yn Kollumersweach yn it basisûnderwiis, it plak dêr't er him dat jier ek nei wenjen sette.

muzikant
Koos Tiemersma is de lêste jierren yn Fryslân bekend as skriuwer fan romans. Foardat er aktyf waard as skriuwer, wie er warber op it mêd fan de muzyk. Hy skreau lieten en fersoarge as sjonger solo-optredens, lykas op it ferneamde Tsjochfestival yn Drachten. Yn 1992 rjochte er mei Foppe Jacobi en Bauke van der Heide de groep 'Skift' op. De groep wie populêr en wûn meardere prizen: de 2e priis op Liet '92 mei it liet 'Frjemd Folk' en in 1e priis op it Noord Nederlands Liedjesfestival mei in ferskaat oan lieten. Under de titel Nije Hoed namen se in cd op en setten útein mei de toernee 'Boer-de-Chant', in rige suksesfolle optredens op boerepleatsen yn Fryslân, Grinslân en Oerisel. Yn 1999 hâlde de groep op te bestean en sochten de leden eigen wegen.

skriuwer
Tiemersma besluet doe om him ta te lizzen op it skriuwen. Hy ferkende syn mooglikheden troch yn 1999 in ferhaal op te stjoeren foar de Rely Jorritsmapriis. Nei in bemoedigjend sjueryrapport gie er troch mei skriuwen en stjoerde yn 2000 it ferhaal Job- in alter yn. Mei dat ferhaal wûn er dat jier de Rely Jorritsma-priis. Datselde ferhaal wurke er fierder út, it waard de basis fan syn debútroman De Ljedder, dy't yn maaie 2002 ferskynde. It boek waard troch de lêzers tige posityf ûntfongen. De literêre kritiken wiene oer it generaal allyksa posityf, al kamen der fan dy kant ek inkelde krityske opmerkings, benammen oer de komposysje fan it boek. Wurdearring kaam der ek fan in oare kant: hy krige foar De Ljedder yn febrewaris 2004 as earste auteur de Rink van der Velde-priis, út hannen fan Mineke van der Velde, de widdo fan Rink. De Rink van der Velde-priis is ynsteld troch de gemeente Smellingerlân en de Friese Pers om it oantinken fan de yn 2001 ferstoarne skriuwer libben te hâlden. It sjuery-rapport priizge De Ljedder om de humor, de knappe persoansbeskriuwing en útwurking fan karakters en om it rike taalgebrûk, de flotte styl en it moaie idioom.
Yn 2004 kaam de twadde roman fan Tiemersma De mjitte út. Ek dy roman waard troch it lêzerspublyk wer tige wurdearre. De literêre krityk wie ferdield: Jabik Veenbaas (Leeuwarder Courant, 14 aug. 2004) en Sjoerd Bottema (De Moanne, nû.3, 2005) wiene beide posityf. Jetske Bilker hie yn har resinsje yn Farsk (sept. 2005) deselde oanmerkings as earder op De Ljedder, se fûn de opbou fan it ferhaal net stevich genôch foar de ynhâld.

tema's
De tematyk fan beide romans komt oerien: de haadpersoan, de ferteller yn it ferhaal, giet werom nei it ferline. Yn De Ljedder is de haadpersoan in man, yn De mjitte is dat in frou, mar de problematyk fan beide romans is yn wêzen deselde. Troch werom te gean nei har bernejierren, it ferline, besykje se helderheid te krijen oer har wêzen as folwoeksen persoan. Yn beide romans wrakselje de haadpersoanen mei djip yngripende saken dy't se as bern meimakke hawwe en dy't har lettere libben as folwoeksene noch altyd beynfloedzje. Se besykje it ferline te rekonstruearjen om op dy manier fet op har libben no te krijen.
Ek de yndieling fan beide romans is te fergelykjen, Tiemersma lit de haadpersoanen troch flashbacks werom gean nei har ferline. Ofwiksele mei gronologyske fertelstikken, in ynlieding (De Ljedder) en in 'útlieding' (De mjitte) wurde de ferhalen ferteld. Tiemersma hat in libbene styl, in ferrassend ryk taalgebrûk en hy is in rasferteller. Syn wize fan beskriuwen fan de minsken dy't figurearje yn de romans, mar ek fan plakken en sitewaasjes, drage foar in belangryk part by oan de kwaliteit dêrfan.
De tredde roman fan Koos Tiemersma, It liet fan de ibis, ferskynde maaie 2006. It liet fan de Ibis spilet him ôf yn in lytse stêd. De Nigeriaanske keunstner Obi Okere wennet dêr op de skipswerf.. Hy wie syn eigen lân ûntflechte, omdat er him troch middel fan syn keunst fersette tsjin it misbrûken fan de oaljegebieten yn de Nigerdelta. Okere gie wolris te roeien mei it swakbegaafde famke Eva Leijn. As Eva op in stuit fermist wurdt en letter ferdronken blykt te wêzen, wurdt Okere al gau fertocht dêr de hân yn te hawwen. Dy fertinking bringt yn it stedsje prosessen op gong dêr't eigenbelang de driuwende krêft yn blykt te wêzen.

Wurk:
Romans:
2002 : De Ljedder (3e pr. 2005 [Merkel-rige])
2004 : De mjitte
2006 : It liet fan de ibis
2007 : Mind Games: fertelling fan in kaartehûs
2008 : De mjitte: audioboek, foarlêzen troch Tryntsje Finnema en Koos Tiemersma

Oersettingen:
2007 : De ladder (De Ljedder)

Prizen:
2000 : Rely Jorritsma-priis (ferhaal: Job – in alter)
2004 : Rink van der Velde-priis foar de roman De ljedder

© Tresoar, 07-01-2009


Lês hjir wat oaren fine fan it wurk fan Koos Tiemersma of skriuw in eigen "resinsje".

Mear ynformaasje oer it literêre wurk fan Koos Tiemersma op de 'Friese literatuursite' fan Jelle van der Meulen.

  terug