| Miedema, Hessel |
|
|
|
|
Geboren: 21-01-1929, Sneek |
|
|
Libben en wurk Nei syn ôfstudearjen yn 1957 waard er direkteur fan museum Het Princessehof yn Ljouwert. Hy wie lykwols ûnwennich fan Amsterdam en yn 1963 gie er werom nei de haadstêd. Hy krige in baan as wittenskiplik meiwurker oan de UvA. Yn 1973 promovearre er dêr mei in dissertaasje oer Den grondt der edel vry schilder-const door Karel van Mander. As keunsthistoarikus hat er in soad publikaasjes op syn namme stean, yn it bysûnder oer keunstskilder, skriuwer en dichter Karel van Mander (1548-1606). Literêr wurk De fernijende literêre ideeën fan de fyftigers waarden entûsjast ûntfongen troch jonge Fryske dichters fan doe as Marten Brouwer, Jelle de Jong, Ella Wassenaer (pseudonym fan Lipkje Post-Beuckens), Sybe Sybesma en Steven de Jong. Yn 1954 rjochten Marten Brouwer, Sybe Sybesma en Lambert Mulder it eksperiminteel literêre tydskrift Quatrebras op. De dichters dy't yn Quatrebras publisearren fersetten har tsjin it, yn har eagen, establishment en provinsjalisme fan it yn Fryslân ferskinende tydskrift De Tsjerne. Hessel Miedema rekke al gau belutsen by Quatrebras, foardat er in sit yn de redaksje krige makke er tekeningen en houtfiken foar it omslach fan it blêd. Yn de Frysk literêre wrâld waard en wurdt Miedema sjoen as keunstner, mar sels relativearret er dat begryp. Yn in fraachpetear mei Gerbrich van der Meer (Friesch Dagblad, 2 maart 2005) seit er dêr sels oer: 'Myn fersemakkerij wie gewoan boarterij. Ek al wie it wat 'De greate wrakseling' oanbelanget wol in serieuze boarterij'. Ofskie fan it skriuwen Neffens Miedema wie it nivo fan de kritiken en essee's dy't ferskynden yn de Fryske tydskriften leech. Boppedat hied er der gjin fidúsje yn dat it nivo ea heger wurde soe, omdat de measte yntelliginte jonge minsken dy't miskien by steat wêze soene om der wat oan te dwaan, út Fryslân wei giene en op den duer har ynterresse yn de Fryske literatuer ferlearen. It fers De greate wrakseling is yn 2005, yn in justjes bearbeide ferzje, by útjouwerij Venus opnij ferskynd. Ta gelegenheid fan it ferskinen fan dy útjefte waard yn maart 2005 yn Ljouwert in sympoasium holden oer Miedema en de Fryske eksperimintelen. Wurk: ferskaat: © Tresoar, 12-1-2006
Lees hier wat anderen vinden van het werk van Hessel Miedema of schrijf een eigen "recensie". Meer informatie over het literaire werk van Hessel Miedema op de Friese literatuursite van Jelle van der Meulen. |