Twatûzenste boek op ‘e sweef
  terug

20-8-2012

De aksje foar Fryske “Sweefboeken” had in mylpeal berikt. Tresoar meiwurker Jeltsje de Jong hat, mei “De Untfiering” skreaun troch Lieuwe Pietersen, it 2000ste eksimplaar yn de sweefkiste lein foar fertrek nei ûnbekende bestimming. Doel fan de sweefboeken is dat dyjinge dy’t it boek meinimt it ek wer earne del leit sa’t it op ‘e nij wer troch immen fûn wurdt en meinommen wurdt.

It is hielendal moai as de lêzers ek wat fertelle oer harren erfaring mei it sweefboek. Wêr ha se it boek fûn, wêr ha se it wer frij litten en wat fûnen se fan it boek? Dat is allegear te fertellen en te lêzen op http://www.bookcrossing.com/mybookshelf/Tresoar/
De aventoeren fan de Fryske sweefboeken kin ek besjoen wurde op www.moannefanitfryskeboek.nl Guon sweefboeken ha al in hiele reis makke en ha tydlik bysûndere kosthúzen. Spitichernôch docht net elk ferslach fan syn fynst en lêserfarings want oars hienen we grif mear opmerklike reaksjes krigen. Mar hoewol wolris oars beweard, is it dúdlik dat it Frysk net op ‘e doele is mar gewoan foar in part op ‘e sweef. Soks is foar in boek fansels prachtig, want om jier yn jier út altiten op it selde boekeplankje te stean is ek gjin oangenaam foarútsjoch.

  terug