| Twatûzenste boek op ‘e sweef |
|
|
|
|
20-8-2012 De aksje foar Fryske “Sweefboeken” had in mylpeal berikt. Tresoar meiwurker Jeltsje de Jong hat, mei “De Untfiering” skreaun troch Lieuwe Pietersen, it 2000ste eksimplaar yn de sweefkiste lein foar fertrek nei ûnbekende bestimming. Doel fan de sweefboeken is dat dyjinge dy’t it boek meinimt it ek wer earne del leit sa’t it op ‘e nij wer troch immen fûn wurdt en meinommen wurdt. |
|
It is hielendal moai as de lêzers ek wat fertelle oer harren erfaring mei it sweefboek. Wêr ha se it boek fûn, wêr ha se it wer frij litten en wat fûnen se fan it boek? Dat is allegear te fertellen en te lêzen op http://www.bookcrossing.com/mybookshelf/Tresoar/ |