Nijs argyf
 

2006

| 2010 || 2009 || 2008 || 2007 || 2006 || 2005 || 2004 || 2003 |

aktueel nijs besjen>>


19-12-2006 : Argyf stifting Doarpswurk beskikber

De Stifting Doarpswurk foar lytse doarpskearnen yn Fryslân waard yn 1983 oprjochte. Sy sette har yn foar it oplossen fan húsfestingsproblemen yn it algemien en foar wenningferbettering en it behâld fan typearjende doarpskearnen yn it bysûnder. De wurksumheden rjochten hat benammen op it bouwen fan nije en it restaurearjen fan besteande panden en it opstellen fan bestimmingsplannen. Yn ynsidentele gefallen hie Doarpswurk de rol fan projektûntwikkeler.

lês mear>>
<< nei boppe

15-12-2006 : Webside fan Tresoar útroppen ta de bêste argivensite

Yn de kategory 'Beste Website Archiefdienst' is troch de sjuery fan de Archieven.nl-priis 2006 de webside fan Tresoar útroppen ta winner. De webside fan Tresoar wurdt al jierren besjoen as ien fan de foaroprinners yn de argivenwrâld. Dit wurdt troch it oardiel fan de ûnôfhinklike sjuery befêstige.

lês mear>>
<< nei boppe

14-12-2006 : Omtrint 95.000 gegevens oer begraven foar 1811 beskikber

Fan hjoed ôf binne der op de webside fan Tresoar omtrint 95.000 gegevens oer ferstjerren en begraven foar 1811 beskikber. Foar it ynfieren fan de Boargerlike Stân waarden der troch de oerheid gjin gegevens oer it ferstjerren fan persoanen fêstlein. Om in datum fan ferstjerren foar 1811 te finen is men dan ek op oare, benammen tsjerklike boarnen oanwiisd.

lês mear>>
<< nei boppe

5-12-2006 : Nammentesaurus ferfarske

Hjoed is ferzje 5 fan de nammentesaurus pleatst. Fan yn totaal 2253 haadfoarmen fan nammen (manlju, froulju en patronimen) binne mar leafst 55.442 skriuwfoarmen fêstlein.

lês mear>>
<< nei boppe

1-12-2006 : Parkeargaraazje iepene

Dizze wike is de parkeargaraazje 'Oldehove' tsjinoer Tresoar iepene. Foar besikers fan Tresoar is dit in hiele ferbettering: it is no net mear nedich om hieltyd de parkearmeter by te foljen... Yn de ûndergrûnske garaazje kinne jo foar op syn heechst € 6,-- de auto de hiele dei kwyt.

lês mear>>
<< nei boppe

29-11-2006 : Reimer Willem van Tuinen ferstoarn

Yn syn wenplak Menaam is op 29 novimber de Fryske skriuwer en dichter Reimer Willem van Tuinen ferstoarn yn de âldens fan 90 jier. Van Tuinen wie túnker fan berop. Hy heart by de generaasje auteurs dy’t koart nei de oarloch mei publisearjen begûn en foar wa’t de oarloch in wichtich tema yn har wurk foarmet.

lês mear>>
<< nei boppe

27-11-2006 : Stúdzjemiddei mei Lidewijde Paris

Freedtemiddei 24 novimber wie yn Tresoar in stúdzjemiddei oer it redigearjen fan literêr proaza (it giet dan dus om it bewurkjen fan literêre teksten foardat se útjûn wurde). Fan ferskate kanten út Frysk literêr fermidden wie oanjûn dat der wol ferlet fan wie om dêr by stil te stean. Koördinator literatuerbefoardering Teake Oppewal hie Lidewijde Paris útnoege foar in presintaasje. Paris runde oant ein ferline jier as útjouwer Utjouwerij Querido yn Amsterdam. Se hie in jiermennich lyn al ris in ferhaal hâlden op in wykein fan it Skriuwersboun op Skylge en dêr in protte yndruk makke.

lês mear>>
<< nei boppe

17-11-2006 : Tresoar nominearre foar Archieven.nl-priis

De webside fan Tresoar is nominearre foar de ARCHIEVEN.NL-priis 2006.
Dizze priis is bedoeld foar de meast tagonklike histoaryske webside fan in argyf of histoaryske feriening. De websiden wurde beoardiele oan de hân fan fiif kritearia: fynberheid, ynhâld. gebrûksfreonlikens, foarmjouwing en technyk. Alles meielkoar hawwe har 18 argyftsjinsten en 50 histoaryske ferieningen foar de priis oanmeld.

lês mear>>
<< nei boppe

8-11-2006 : Dichters op it Filmfestival

It Noordelijk Film Festival dat fan 8 o/m 12 novimber hâlden wurdt yn stêdsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert, hat as tema diskear: ite, drinke en feestfiere. It Frysk Film Argyf hat dêrfoar in kompilaasje makke fan filmfragminten út har argyf op sprutsen fryske gedichten mei ditselde tema út it argyf fan Tresoar.

lês mear>>
<< nei boppe

5-11-2006 : Grinzer wint Frysk kampioenskip paleografy

Bram Schuilenga út Grins wûn ôfrûne saterdei it 'Earste Iepen Frysk Kampioenskip Paleografy'. Nei de foarronde fia ynternet wiene der acht kandidaten oerbleaun, dy't yn in rjochstreekse konfrontaasje in oantal hânskriften ûntsiferje moasten. De twadde priis wie foar Ruud Wegman út Ede, wylst de tredde priis ek nei bûten Fryslân gie, nammentlik nei Menne Glas út Grins.

lês mear>>
<< nei boppe

4-11-2006 : Register ferstjerren De Jouwer 1802-1856

Koartlyn is Tresoar yn it besit kommen fan in unyk hânskrift. It giet om in register fan ferstoarnen fan de gemeente De Jouwer oer it tiidrek 1802-1856, byhâlden troch Jan Jans Rinkes (1781-1867), keapman op 'e Jouwer en lid fan de Rie fan Haskerlân.

lês mear>>
<< nei boppe

2-11-2006 : Frysk Fotoargyf befettet mear as 40.000 ôfbyldingen

Koartlyn hawwe de gemeentes Boarnsterhim en Menameradiel yn gearwurking mei Tresoar harren fotokolleksjes digitalisearre en beskreaun. De omtrint tolvehûndert ôfbyldingen út de gemeentlike kolleksjes binne tegearre mei oare oanfollingen op tongersdei 2 novimber tidens in feestlike presintaasje firtueel beskikber steld. De iepeningshanling hjirfoar waard ferjochte troch de boargemasters P. Schadd-de Boer (Boarnsterhim) en G. van Delft-Jaasma (Menameradiel).

lês mear>>
<< nei boppe

30-10-2006 : Nije webside mei Fryske kentekens

De earste 4955 kentekens dy't yn Fryslân fan 1906 ôf oan auto- of motorbesitters útjûn binne kinne fan no oan op de webside fan Tresoar besjoen wurde. Yn de database kin socht wurde op namme, plaknamme en B-nûmer.

lês mear>>
<< nei boppe

29-10-2006 : Eise Eisinga yn Nederlânske canon

Yn de 'canon van Nederland' de koartlyn publisearre 50 hichtepunten út de skiednis dy't elke Nederlanner witte moatte soe, komt mar ien Fries foar: Eise Eisinga. Fan de bouwer fan it Frjentsjerter planetarium, dy't yn de canon syn plak fertsjinne hat as symboal fan de Ferljochting, wurde yn Tresoar in oantal dokuminten bewarre.

lês mear>>
<< nei boppe

27-10-2006 : Akten fan ferstjerren út oarlochsjierren beskikber

De akten fan ferstjerren oer it tiidrek 1943-1950 wienen al in tal jierren iepenbier, mar fan hjoed ôf binne se ek op mikrofysje op de stúdzjeseal fan Tresoar yn te sjen. Dat betsjut dat hjirmei ek de akten fan de fiif oarlochsjierren no kompleet beskikber binne.

lês mear>>
<< nei boppe

11-10-2006 : Damkolleksje presintearre

Mei in bysûndere dampartij mei bern, boargemasters en wethâlders as damstiennen waard op 11 oktober de damkolleksje Bosma presintearre. It publyk koe fan de ballustrade ôf folgje hoe't de striid tusken de beide Fryske damtoppers Tjalling Goedemoed en Tjalling van den Bosch einige yn in remise.

lês mear>>
<< nei boppe

2-10-2006 : Nije ferzje Aquabrowser

Hjoed wurdt in nije ferzje fan de Aquabrowser online set. Dêryn binne in grut tal lytse foutsjes oplost. Dêrnjonken binne der ek in oantal belangrike wizigingen / oanfollingen.

lês mear>>
<< nei boppe

29-9-2006 : Portret Abe de Vries presintearre

Freedtemiddei 27 septimber waard it portret oanbean dat Dinie Boogaart yn opdracht fan Tresoar makke hat fan Gysbert-Japicxpriiswinder Abe de Vries.

lês mear>>
<< nei boppe

26-9-2006 : Genlias-diske drok besocht troch 50-plussers

De ôfrûne dagen hawwe sa'n 90.000 minsken de 50PlusBeurs yn Utert besocht. Besikers mei in (latinte) belangstelling foar harren famyljeskiednis koenen telâne by it diske fan Genlias.

lês mear>>
<< nei boppe

22-9-2006 : Bestjoerslid Winsemius minister fan VROM

Bestjoerslid Pieter Winsemius wurdt de opfolger de ôftreden minister Dekker op it departemint fan VROM. Winsemius (1942) wie ek al earder minister op itselde departemint: fan 1982 oant 1986.

lês mear>>
<< nei boppe

19-9-2006 : 1100 nije ôfbyldingen

De byldkolleksje fan Tresoar is útwreide mei omtrint 1100 nije ôfbyldingen. Njonken in grut tal foto's fan de 11de, 12de en 13de Alvestêdetocht dy't ôfkomstich binne út it eardere fotoargyf fan de provinsje Fryslân, binne der ek 115 glêsdia's tafoege út de neilittenskip fan Hubert Adriaan Veltman.

lês mear>>
<< nei boppe

15-9-2006 : Iepen Frysk Kampioenskip Paleografy

Fan 't hjerst organisearret Tresoar it earste Iepen Frysk kampioenskip Paleografy. Dizze wedstriid yn it transkribearjen (oerskriuwen) fan âld skrift bestiet út in foarronde fia ynternet en in finale.

lês mear>>
<< nei boppe

11-9-2006 : Lolle Nauta ferstoarn

Op 11 septimber is yn Grins filosoof en essayist Lolle Nauta ferstoarn. Hy is 77 jier wurden.

lês mear>>
<< nei boppe

31-8-2006 : Foar alles is in tiid

Foar alles is in tiid, de 'memoires' fan Tiny Mulder optekene troch Geart de Vries, waard op 31 augustus yn de stúdzjeseal fan Tresoar presintearre. It earste eksimplaar fan it boek waard troch Geart de Vries útrikt oan Rixt, Tiny's dochter.

lês mear>>
<< nei boppe

16-8-2006 : 1000 brieven

De tsjinstferliening fan Tresoar spilet har net allinnich ôf op’ e stúdzjeseal mar ek yn it ferlienen fan skriftlike ynljochtingen en it tastjoeren fan kopyen. No' t der stadichoan mear gegevens op internet beskikber binne, kriget Tresoar ek folle mear fersiken oer de post of email om ynljochtings en/of kopyen. Op 16 augustus waard de 1000ste brief registrearre, ferline jier waard dat tal brieven 21 oktober berikt.

lês mear>>
<< nei boppe

20-7-2006 : Bert Looper nije direkteur fan Tresoar

As nije direkteur fan Tresoar hat it Algemien Bestjoer mei yngong fan 1 jannewaris 2007 beneamd de hear drs. Bert Looper.

lês mear>>
<< nei boppe

18-7-2006 : Reistoer Fryske auteurs yn oktober en novimber

Yn april fan dit jier ferskynde Zolang de wind van de wolken waait. Geschiednis van de Friese literatuur. Nei oanlieding dêrfan joegen Fryske skriuwers, dichters en muzikanten in rige optredens yn bibleteken rûnom yn Nederlân en yn Antwerpen. Yn oktober en novimber wurdt yn Fryslân in soartgelikense toernee hâlden. It programma-oersjoch is hjirûnder werjûn. De jûnen binne altyd yn de bibleteek yn it oanbelangjende plak en begjinne om 8 oere de jûns.

lês mear>>
<< nei boppe

18-7-2006 : Hâld de holle koel by Tresoar

Mei in temperatuer fan trochinoar 22 graden is it op de stúdzjeseal fan Tresoar ek tidens de twadde hjitteweach fan dizze simmer noflik wurkjen. Hjirûnder sjogge jo de bûtentemperatuer yn Ljouwert op dit stuit.

lês mear>>
<< nei boppe

18-7-2006 : BS-houliksdatabase útwreide

Hjoed is de database op de Boargerlike Stân fan Tresoar útwreide mei in oantal nije gegevens. Fan sân gemeenten binne oan de houliksakten de leeftiden en berteplakken fan breid en brêgeman tafoege, lykas de nammen fan de âlders fan wjerskanten. It giet hjir om de gemeenten Warkum, Sleat, Drylts, Skoatterlân, Skylge, Tytsjerksteradiel en Eaststellingwerf.

lês mear>>
<< nei boppe

13-7-2006 : Berneboekesjuery 2006

Berneboekeskriuwster Auck Peanstra hat yn de kantine fan sportkompleks 'It Bosk' te Bitgum de sulveren spjelde fan de Berneboekesjuery krigen. De bern út de groepen 5 o.e.m. 8 fan de basisskoallen keazen as moaiste berneboek Alles foar in sint fan Auck Peanstra. It ferhaal giet oer Jelmer dy't in sint fynt by it sportfjild. As hy de sint fuort smyt komt er sels yn in oare tiid, de tiid fan ridders, hynders en kastielen.

lês mear>>
<< nei boppe

12-7-2006 : Alde pensjoenen no tagonklik

Op 18 septimber 1628 barde de ferneamde skilder Wybrand de Geest 35 karoligûne fan de Ontfanger-generaal van de kloostergoederen. It gie om de lêste termyn fan in oan syn mem takend pensjoen, dêr’t de geastliken út de opheven kleasters rjocht op hienen. Syn mem, Wyts Wybrandtsdr., hie conventuale of kleasterlinge west. It sprekt dat sa’n gegeven foar in genealooch in wichtige boarne wêze kin, om’t sa by benadering de stjerdatum fan de rjochthawwende te bepalen is.

lês mear>>
<< nei boppe

7-7-2006 : Iepening Menalda-tentoanstelling

De boekbân stiet sintraal yn de útstalling In de van het boek, Elisabeth Menalda en het kunstboekbinden dy’t freed 7 july 2006 feestlik iepene waard troch har nicht Alida Beekhuis út Amsterdam.

lês mear>>
<< nei boppe

6-7-2006 : Utferkeap boeken

In part fan de boeken dy't earder yn eigen behear útjûn binne troch Tresoar of har foargongers wurdt opromme. Jo fine se op in rek yn de stúdzjeseal te keap foar 1 euro of 50 eurosint.
Ek binne der noch in grut oantal Robleskaarten te keap foar 1 euro.

lês mear>>
<< nei boppe

5-7-2006 : Halbertsmapriis foar Fries Aardewerk

Deputearre Steaten hawwe op grûn fan it advys fan de sjuery besletten de dr. Joast Halbertsmapriis foar wittenskiplik wurk yn Fryslân 2006 ta te kennen foar it wurk 'Fries Aardewerk'. Fries Aardewerk is in searje fan sân boeken oer de ûntwikkeling  fan it Fryske Ierdewurk yn Makkum, Harns en Boalsert fan de 17de oant de 20ste ieu. It Frysk ierdewurk hat yn dy ieuwen in wichtich Frysk eksportprodukt west. It fabryk fan Tichelaar yn Makkum is de iennichste fabryk dy’t noch yn wêzen is.

lês mear>>
<< nei boppe

29-6-2006 : Reservearen fan argyfstikken

Jo kinne it wol, jo binne drok dwaande mei jo ûndersyk en foardat jo it witte is de dei al wer om. Jo freegje jo ôf hoe't jo effisjinter mei jo ûndersykstiid omgean kinne. Faaks kin it stúdzjesealteam jo dêrby helpe. Hoe? Fan hjoed ôf begjinne wy mei in proef mei it reservearjen fan argyfstikken.

lês mear>>
<< nei boppe

2-6-2006 : Ynternettagong op stúdzjeseal

By wize fan proef is it sûnt koart mooglik om as jo jo eigen kompjûter meinommen hawwe dy op ús kompjûternetwurk oan te sluten. Dit kin sawol fia de netwurkoansluting yn jo kompjûter as fia in triedleaze netwurkferbining.

lês mear>>
<< nei boppe

24-5-2006 : Gearwurking mei Justysje

Tresoar en Justysje hawwe allebeide rike biblioteken op it mêd fan de rjochtswittenskippen. Troch gear te wurkjen en mear gebrûk te meitsjen fan elkoars kolleksje en tsjinsten, kinne se effisjinter wurkje en mear besikers en doelgroepen fan tsjinst wêze.

lês mear>>
<< nei boppe

22-5-2006 : Nije mooglikheid om te sykjen

Fan 22 maaie ôf is de webside fan Tresoar útwreide mei in nije sykmooglikheid. Fia de Aquabrowser kinne jo op in fernijende wize sykje yn de katalogus, de argiven, de byldbank en de webside fan Tresoar.

lês mear>>
<< nei boppe

16-5-2006 : Byldbank Tresoar útwreide

De byldkolleksje fan Tresoar op ynternet is útwreide mei 1.522 nije ôfbyldingen en befettet no goed 36.000 foto's, printen, ensfh. Boppedat is der no in nije rubryk ûnder de titel "Wa wit mear?" dêr't besikers útnoege wurde om fragen by foto's op te lossen.

lês mear>>
<< nei boppe

13-5-2006 : In soad belangstellenden op jubileum NGV yn Utert

Hûnderten belangstellenden besochten ôfrûne sneon de lanlike beurs dy’t de NGV (Nederlandse Genealogische Vereniging) organisearre yn 't ramt fan har 60-jierrich jubileum. De beurs waard holden yn de Beatrix-hal yn Utert.

lês mear>>
<< nei boppe

3-5-2006 : Speesje- en reëelkohiere ferfilme

Alle by Tresoar oanwêzige speesje- en reëelkohieren binne no op de stúdzjeseal fan Tresoar yn te sjen mei help fan mikrofiches. Hjirmei wurdt it ûndersyk nei gegevens út it tiidrek foar 1800 wer tagonkliker. Boppedat wurde de kwetsbere orizjinele hjirtroch sparre foar fierder ferfal.

lês mear>>
<< nei boppe

1-5-2006 : Alle dagen nije oanwinsten

Wolle jo alle dagen op de hichte hâlden wurde fan nije oanwinsten yn de biblioteek-katalogus fan Tresoar. Mei yngong fan 1 maaie biedt Tresoar jo dêr twa mooglikheden foar: fia email of fia RSS.

lês mear>>
<< nei boppe

26-4-2006 : Yn 'e kunde komme mei Tresoar?

Altiten al nijsgjirich west nei wat der yn 'e skatkeamer fan Fryslân te dwaan en te finen is? Dit is jo kâns. Jo kinne jo opjaan foar de kursus "Wolkom op 'e Studzjeseal" dy't op 3 maaie en 7 juny (by genôch dielname) jûn wurdt. De kursus duorret oardel oere en der binne gjin kosten oan ferbûn.

lês mear>>
<< nei boppe

25-4-2006 : In Fryske jûn yn Almere

Nei oanlieding fan it ferskinen fan Zolang de wind van de wolken waait, in nij Nederlânsktalich oersjoch fan de Fryske literatuerskiednis, is Tresoar op 2 april útein set mei in "Reistoer Friese Auteurs". It doel fan de toer is om it publyk bûten Fryslân yn 'e kunde komme te litten mei de Fryske literatuer. Op 13 april wie der in optreden fan de Reistoer yn de bibleteek fan Almere, dêr't in yntegrale opname fan op ynternet set is.

lês mear>>
<< nei boppe

19-4-2006 : Wizige iepeningstiden per 1 septimber

Mei yngong fan 1 septimber o.s. sil Tresoar de iepeningstiden fan de stúdzjeseal oanpasse. Dêr binne twa redenen foar.
Yn it foarste plak hat Tresoar de taak om de ynformaasje dy't it beheart sa breed mooglik ûnder de oandacht fan it Fryske publyk te bringen. No noch is de nammebekendheid fan Tresoar bûten Ljouwert te min mei as gefolch dat de mooglikheden dy't Tresoar te bieden hat noch net oeral yn de provinsje bekend binne.
De twadde reden is dat der hieltyd mear besikers op de webside komme. It is foar in soad belangstellenden al net mear nedich om foar langere tiid fysyk op de stúdzjeseal te wêzen.

lês mear>>
<< nei boppe

18-4-2006 : 19e ieuske printeboeken

Yn de rin fan de 19e ieu ferskynden der ferskate printeboeken foar bern. Faak hiene se in moralisearjende strekking en wiene se benammen rjochte op 'brave kinderen'. Tresoar presintearret in oantal fan dizze fraaie boekwurken út har kolleksje op ynternet.

lês mear>>
<< nei boppe

13-4-2006 : Foto's yn 1945 fûn op Ljouwerter fleanfjild

Oankommende saterdei is it 61 jier lyn dat Ljouwert troch de Kanadezen befrijd waard. Koart dêrnei waard der op it fleanfjild in skrift mei foto's fûn. 'Meine Bilder. Eberhart Rossbach' stiet der op de foarkant te lêzen. It skrift befettet in mannich foto's wêrfan't de skiednis en eftergrûn altiten ûndúdlik west hat. Mei de klam op 'west hat', want koartlyn is nei wat sneupwurk de oarspronklike eigner fan it album weromfûn.

lês mear>>
<< nei boppe

11-4-2006 : Unyk pamflet skonken troch Freonen

Inthie Jansz wie in âlderling fan de gereformearde gemeente fan Eastersee en Ychten. Op de jûn fan 8 desimber 1622 ûnderweis nei hûs 'op de Heere-wegh' krijt er in fisioen en de oprop om dizze te ferkundigjen. Mei tsjinsin jout er dêr oan ta en ferkundiget er de skokkende taferielen dy't oan him iepenbiere binne.

lês mear>>
<< nei boppe

7-4-2006 : Premiêre ûnderwiisprojekt

SBO Sjalom yn Drachten hie freed 7 april de premiêre fan in spesjaal ûnderwiisproject. Yn in foarstelling dêr't de bern aktyf oan meidiene waard de problematyk fan nijkommers yn de maatskippij oan de oarder steld.

lês mear>>
<< nei boppe

3-4-2006 : Berten Ljouwert yn Genlias

Ferline wike binne der wer nije akten út de provinsje Fryslân tafoege oan Genlias, de database foar genealogysk ûndersyk fan de regionale sintra en ryksargiven yn Nederlân. It giet hjir om de berteakten fan de gemeente Ljouwert út it boargerlike stân tiidrek 1811-1902.

lês mear>>
<< nei boppe

2-4-2006 : Reistoer Friese auteurs

Snein 2 april de middeis om twa oere is yn de Iepenbiere Bibleteek fan Grins de saneamde 'Reistoer Friese auteurs' útein set. De toer wurdt organisearre troch Tresoar. Yn totaal hawwe acht kollega-biblioteken of besibbe ynstellings yn it lân reagearre op it oanbod fan Tresoar om yn de moanne april in literêr programma te fersoargjen mei optredens fan Fryske skriuwers, dichters en muzikanten.

lês mear>>
<< nei boppe

1-4-2006 : Sjoerd van der Schaaf 100 jier

Op saterdei 1 april waard de Fryske skriuwer Sjoerd van der Schaaf yn Oentsjerk 100 jier. Van der Schaaf makke as sjoernalist diel út fan de haadredaksje fan de Friesche Koerier (njonken Fedde Schurer) en fan Het Parool.

lês mear>>
<< nei boppe

31-3-2006 : 250 jier Leeuwarder Courant digitaal

It is noch net hielendal wier wat hjirboppe stiet. Wol it grutte doel en oer sawat in jier realiteit: alle mear as 250 jiergongen fan de Ljouwerter Krante folslein digitaal tagonklik! Tresoar en de Ljouwerter Krante hawwe de hannen ynelkoar slein om it folsleine kranteargyf fan de Leeuwarder Courant te digitalisearjen en op ynternet tagonklik te meitsjen foar elkenien yn Fryslân, Nederlân, de hiele wrâld!

lês mear>>
<< nei boppe

31-3-2006 : Nije websiden

Op 31 maart waarden by it ôfskie fan direkteur Douwe de Vries in oantal nije websiden presintearre. De Skatkeamer fan Tresoar, Jong Tresoar, it argyf fan Omrop Fryslân, Alde Doarpsfilms en de digitalisearre Ljouwerter Krante.

lês mear>>
<< nei boppe

31-3-2006 : Douwe de Vries riddere

Freedtemiddei 31 maart naam Douwe de Vries ôfskie as direkteur fan Tresoar. Yn de stúdzjeseal waarden him ferskate kado's oerlange en waard er tasongen troch 'Marijke Meu' en 'Us Heit'. Hichtepunt fan de middei wie it momint wêrop Kommissaris fan de Keningin Ed Nijpels him de fersierselen hearrende by de titel 'Ridder in de Orde van Oranje Nassau' opspjelde.

lês mear>>
<< nei boppe

27-3-2006 : Argyf Omrop Fryslân op ynternet

Moandei 27 maart hat deputearre Bertus Mulder de earste digitalisearre bestannen fan it radio en TV argyf fan Omrop Fryslân on line set. Dêrtroch kinne fan dat momint ôf dizze bestannen fia ynternet rieplachte wurde.
It is in begjin. De kommende jierren sil Tresoar mear weardefolle bestannen fan de omop digitalisearje en op de site oanbiede.

lês mear>>
<< nei boppe

22-3-2006 : Skriuwdei giet net troch!

Troch omstannichheden is it net slagge om de subsydzjes te krijen dy’t nedich binne om de Skriuwdei te organisearjen. Dêrom kin de Skriuwdei dit jier – yn tsjinstelling ta eardere oankundigingen – net trochgean. De earstfolgjende Skriuwdei stiet no pland foar maart 2007.

lês mear>>
<< nei boppe

21-3-2006 : Tresoar en Fryske Akademy wurkje gear

Fryske Akademy en Tresoar hawwe op tiisdei 21 maart 2006 in gearwurkingsoerienkomst op it mêd fan de Fryske taal, kultuer en skiednis sluten. It doel is om yn gearwurking projekten op priemmen te setten dy’t boarnen foar it grutte publyk tagonklik meitsje, benammen fia it ynternet.

lês mear>>
<< nei boppe

10-3-2006 : 'Nijkommers' iepene

Op 10 maart waard yn de stúdzjeseal fan Tresoar de manifestaasje "Nijkommers yn Fryslân" iepene. De byhearrende útstalling is oant en mei 31 maaie yn Tresoar te besjen.

lês mear>>
<< nei boppe

6-3-2006 : Jong Tresoar

Alde dingen spylje in grutte rol binnen Tresoar. Hiel wat dokuminten út in fier ferline wurde hjir bewarre. Mar ek dêrmei wol Tresoar in jong publyk oansprekke. Spesjaal foar harren is der no in eigen webside: Jong Tresoar!

lês mear>>
<< nei boppe

3-3-2006 : Orizjinele aktes yn te sjen

Op de webside fan Tresoar is in soad boarnemateriaal tagonklik makke. Sa kin de genealooch thús al tariedend wurk dwaan. Mar om de orizjinele akte yn te sjen sil er dochs noch nei Tresoar ta moatte of kopyen bestelle moatte. Tresoar begjint no in proef om ek dizze lêste stap fia ynternet mooglik te meitsjen.

lês mear>>
<< nei boppe

28-2-2006 : Byldbank Tresoar op 'e nij útwreide.

De byldkolleksje fan Tresoar op ynternet is wer útwreide mei sa'n 1270 nije ôfbyldingen en befettet no goed 34500 plaatsjes.

lês mear>>
<< nei boppe

24-2-2006 : Toverlantearne yn Tresoar

Tidens de krookjefakânsje hiene skoalbern fergees tagong yn Tresoar "op vertoon van pake of beppe". Tegearre mei harren pakes of beppes makken se in reis werom yn de tiid mei de toverlantearne.

lês mear>>
<< nei boppe

22-2-2006 : Wind wint Van der Velde-priis

Harmen Wind is de winner wurden fan de Rink van der Velde-priis 2006. Hy krijt de priis foar syn autobiografyske roman 'It Ferset'. De priis waard woansdei útrikt yn it gemeentehûs yn Drachten.

lês mear>>
<< nei boppe

21-2-2006 : Fryske bidprintsjes op ynternet

Het Archief- en Documentatiecentrum voor R.K. Friesland te Bolsward  heeft onlangs haar database met ruim 26.000 Friese bidprentjes op internet geplaatst. Geïnteresseerde bezoekers kunnen via www.archiefrkfriesland.nl bekijken welke bidprentjes het centrum in haar bezit heeft en hier desgewenst een kopie van opvragen. Dat betekent voor veel mensen die bezig zijn met familieonderzoek weer een nieuwe bron om (gedocumenteerd) meer te weten te komen over hun voorouders.

lês mear>>
<< nei boppe

17-2-2006 : Beroppen St Anne en omlizzende doarpen 1963

Yn 1963 ferskynde der in "Beroepenlijst" foar St. Anne en de omlizzende doarpen Berltsum, Ferwert, Furdgum, Hallum, Hegebeintum, Hijum, St. Jabik, Marrum, Menaam, Minnertsgea, Easterbierrum, Aldebildtzijl, Aldeleie, Slappeterp, Tsjummearum, Froubuorren en Wier.

lês mear>>
<< nei boppe

14-2-2006 : Edukatyf programma by útstalling

Op freedtemiddei 10 maart wurdt yn Tresoar de útstalling "Nijkommers yn Fryslân" iepene. De ynteraktive útstalling wol de besiker op in boartlike en bytiden útdaagjende wize neitinke litte oer fragen lykas: "Wat is no eins Fryske kultuer?" en "Bestiet der sokssawat as in Fryske identiteit?"

lês mear>>
<< nei boppe

13-2-2006 : Statistiken

Fan hoed ôf wurde de statistiken fan it oantal besikers fan de Tresoar webside en fan it Frysk Fotoargyf toand. De besiker kin dêrby sels in kar meitsje út de gegevens dy't er sjen wol.

lês mear>>
<< nei boppe

10-2-2006 : Lûdmateriaal online

Yn de (biblioteek-)katalogus fan Tresoar binne njonken boeken, tydskriften en hânskriften ek audio-visuele dokuminten beskreaun. Sûnt koart is in part dêrfan ek online (thús) te beharkjen.

lês mear>>
<< nei boppe

7-2-2006 : 1.020.801 Records út it notarieel argyf online

Hjoed is de database dy't gegevens befettet út de notariële argiven útwreide mei nije gegevens wêrtroch it bestân no út mear as 1 miljoen records bestiet. Yn de notariële aktes is ynformaasje fêstlein oangeande testaminten, hypoteken, (ûn)replik guod transaksjes, obligaasjes, ensfh.

lês mear>>
<< nei boppe

2-2-2006 : Tresoar makket argyf Omrop Fryslân beskikber

It omropargyf fan Omrop Fryslân komt beskikber op de webside fan Tresoar. Withoe folle lûd- en bylddokuminten sille rieplachte wurde kinnen op breedbân ynternet. Yn de twadde helte fan maart komt in proefferzje beskikber.

lês mear>>
<< nei boppe

26-1-2006 : Piter Terpstra ferstoarn

Op 26 jannewaris is Piter Terpstra yn syn wenplak Ljouwert ferstoarn. Piter Terpstra makke namme as skriuwer fan histoaryske en psychologyske romans, sawol yn it Nederlâns as it Frysk. Lannelike bekendheid krige hy as fuortsetter fan it wurk fan detektiveskriuwer Havank.

lês mear>>
<< nei boppe

18-1-2006 : Nije dopen tafoege oan de webside.

Sûnt in pear moannen is de database mei de Fryske doopgegevens op de webside te rieplachtsjen. Hoewol't it hjirby noch om in foarriedige ferzje giet, dêr't de kommende tiid noch in soad oan ferbettere wurde moatte sil, kinne ûndersikers der no al gâns ynformaasje út helje oer berte en dopen yn it tiidrek foar it ynfieren fan de Boargerlike Stân.

lês mear>>
<< nei boppe

6-1-2006 : Kentekenbewizen wer te plak

As je op 1 jannewaris 1906 in auto of in motorfyts hienen dan wiene je ferplichte om dêr in nûmerbewiis foar oan te freegjen. Dat koe by de Kommissaris fan de Keninginne yn de provinsje dêr’t je wennen. Alle provinsjes krigen in eigen begjinletter. Foar Fryslân wie dat de B.

lês mear>>
<< nei boppe

5-1-2006 : Argeologyske fynsten Aldehoustertsjerkhôf

Oant 11 febrewaris wurde op de stúdzjeseal fan Tresoar argeologyske fynsten ôfkomstich fan it Aldehoustertsjerkhôf en de Bûterhoeke útstald. De fynsten binne dien troch de amateur-argeolooch Meinder Ley.

lês mear>>
<< nei boppe